Zoekresultaten
Resultaat 1 - 4 (van 4)
Venantius Honorius Clementianus Fortunatus It libben fan de hillige Martinus
It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus' Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om't it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen). Sint Martinus is hjoed de...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 90 pagina's (ePub3, 1,3 MB) | Elikser, Ljouwert | 2021
E-book
Tineke Steenmeijer-Wielenga | Geart van der Meer Obe Postma
in libben dat bloeide nei syn aard
In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, 'Al wat ik skriuw, dat is wier bard' is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip. It diel 'Fier haw ik myn dreamen weide / En...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 428 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Paulo Coelho De spion
De fan oarsprong Fryske Mata Hari (1876-1917) wie de meast begearde frou fan har tiid: in ferneamde eksoatyske dûnseresse dy’t omgong hie mei grutheden en it publyk skokte en yn ferfiering brocht mei har eroatysk laden optredens. Yn De spion brûkt Paulo Coelho syn ferbyldingskrêft om it like gloarjerike as tragyske libben fan Mata Hari op ’en nij te skeppen. Har drege jeugd, har ûngelokkige houlik dat har yn Nederlânsk-Ynje brocht, de tryste wederwarichheden fan har bern, har komeeteftige opkomst...
Fictie | Non-fictie
Westerlauwers Fries | 137 pagina's (ePub2, 1,4 MB) | De Arbeiderspers, Amsterdam | 2016
E-book
Doeke Sijens Sa'n tuzen blauwe skriften
biografy fan Reinder Brolsma
"Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk. De skriuwer waard berne te Stiens en swalke as ferversfeint hiel...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 384 pagina's (14 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book